Stakingen metaalsektor: "We zetten door totdat de CAO aangepast wordt"

10 jan 2019 - 12:19

Fakbûnen FNV en CNV organisearren tongersdeitemoarn in lanlike stakingsaksje yn de metaalsektor. Yn Fryslân kamen der mear as 200 meiwurkers út de sektor op de staking yn Ljouwert ôf. "Dat is een goede opkomst", fertelt Wilma Nieveen fan FNV. "Het aantal stakers neemt toe, ze zijn er flauw van".

Staking yn de metaalsektor - Foto: Pieta de Vries

"De actiebereidheid is groot", fertelt Nieveen. "We zetten door totdat de CAO aangepast wordt". De meiwurkers lizze it wurk del yn de hoop dat harren wurkjouwers de FME oproppe om mei de fakbûnen om tafel te gean. "We strijden voor een generatiepact, loonsverhoging en gelijk loon voor gelijk werk", fertelt Nieveen. "Uitzendkrachten moeten hetzelfde verdienen als iemand die vast in dienst is. Ook is er een enorm tekort aan werknemers dus moeten er meer plekken komen voor vaste werknemers", seit se.

De stakingen yn de metaalsektor binne al langer oan de gong. Sa hawwe de metaalwurkers yn septimber en novimber harren wurk ek dellein. Nei dizze stakingen hawwe de fakbûnen mei FME, de ûndernimmersorganisaasje foar de technologyske yndustry, om tafel sitten. "Er is informeel overleg geweest, maar de FME wilde niet over de brug komen", seit Nieveen. "We gaan door totdat er serieus op onze eisen ingegaan wordt."

Fan de metaalbedriuwen yn Fryslân, wiene neffens Nieveen fan alle bedriuwen meiwurkers oanwêzich. Dit giet om de bedriuwen Ardagh Leeuwarden, Gea Royal de Boer, Stork Leeuwarden, Miedema de Wulf, Icon Yachts, Damen, De Vries Makkum en Thecla Bodewes.

Trefwurden: 
staking CNV FNV CAO metaalsektor
(Advertinsje)
(Advertinsje)