Antonius Zorggroep nimt de sikehûssoarch yn de Noordoostpolder oer

10 jan 2019 - 11:51

De Antonius Zorggroep út Snits nimt definityf de sikehûssoarch yn de Noordoostpolder en Urk oer. Dat is tongersdeitemoarn bekendmakke by in parsegearkomste yn Emmeloord.

De Antonius Zorggroep hie begjin novimber ek al in bod útbrocht op de soarch, dy't troch it fallite Dokter Jansensintrum levere waard. It hat dêrnei inkele moannen duorre foar't der in deal wie mei de kurator, om't it Antonius it pân wêryn't it Dokter Jansensintrum siet net keapje, mar hiere woe. De gemeente Noordoostpolder keapet it pân no, wêrtroch't de oername trochgean kin.

Ynfloed fan gemeente

"Door het gebouw in eigendom te hebben, kan de gemeente meer regie voeren op het zorgaanbod in de Noordoostpolder", sa seit wethâlder Marian Uitdewilligen fan de gemeente Noordoostpolder. "We willen een goede zorgketen, dat wil zeggen een goede samenwerking tussen de verschillende vormen van zorg zoals de ziekenhuiszorg, huisartsen en thuis- en revalidatiezorg. Hierover zijn we, en gaan we verder in gesprek. Met het gebouw hebben we de kans om invloed uit te oefenen op goede zorg voor iedereen in de Noordoostpolder."

Foto: Omrop Fryslân

By it Antonius Sikehûs yn Emmeloord kinne pasjinten telâne op de polykliniken, foar deibehannelings en lytse sjirurgyske yngrepen. It Antonius sil dêrnjonken it tal sprekoeren útwreidzje en foar guon spesjalismen komme der jûnssprekoeren.

(advertinsje)