Mooglik aksje tsjin Swarte Pyt by Sint Piter yn Grou

10 jan 2019 - 10:42

Der komt mooglik in demonstraasje fan Kick Out Swarte Pyt, by de yntocht fan Sint Piter. Aksjefierder Dimitri Knobbe wol út namme fan it aksjekomitee demonstrearje tsjin de kompaan fan Sint Piter. De yntocht fan de Grouster hillichman is dit jier op 9 febrewaris.

De oankosmt fan Sint Piter yn Grou - Foto: Omrop Fryslân

Neffens Knobbe woe hy yn earste ynstânsje allinnich mar yn petear mei it Sint Piterkomitee. Mar it komitee joech oan dat boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert ek oanskowe soe, en dêr hat Knobbe nei eigen sizzen gjin nocht yn.

Dit hat benammen te krijen mei de, yn de eagen fan Knobbe ferkearde wize wêrop't Crone de Sinteklaasyntocht fan 17 novimber yn Ljouwert oanpakt hat. Der rint noch in beswierproseduere fan KOZP tsjin Crone. De aksjegroep Kick Out Swart Pyt is de noardlike fariant fan de lanlike aksjegroep Kick Out Zwarte Piet.

By de gemeente Ljouwert is noch neat bekend fan in oanfraach foar in demonstraasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)