Huzemerk yn Fryslân is in stik lytser wurden

Minder wenningen dy't te keap stean, flinke hegere prizen en konsuminten dy't minder te kiezen hawwe, mar folle djoerder út binne. Sa sjocht de wenningmerk yn Fryslân der op dit stuit út, meldt makelersferiening NVM.
© Omrop Fryslân
It tal wenningen dat yn Fryslân ferkocht wurdt gie yn it ôfrûne fearnsjier mei hast 10 prosint nei ûnderen, wylst it tal huzen dat te keap stiet sels mei hast 30 prosint nei ûnderen gie.
© Omrop Fryslân
Yn fjouwer jier tiid is it tal huzen dat te keap stiet yn Fryslân keldere fan goed 7100, nei hast 2300. De prizen fan dizze huzen binne mei 10 prosint omheech gean: in hûs yn Fryslân kostet dêrmei gemiddeld 233.000 euro.
Dizze ûntwikkeling smyt neffens NVM-foarsitter Albrecht Kok in beheining op fan de trochstreaming op de merk. Dit hat benammen grutte ympakt op starters op de huzemerk.
© Omrop Fryslân