Twa oanhâldingen yn ferbân mei sjitynsidint Ljouwert

10 jan 2019 - 09:54

De plysje hat twa manlju oanhâlden yn ferbân mei de sjitpartij woansdeitejûn yn de Vuurdoornstrjitte yn Ljouwert. De manlju binne op de sneldyk by Hilversum út de auto helle. Ut ûndersyk die bliken dat de manlju fuort nei de sjitterij fuort riden wiene. De plysje ûndersiket harren rol by de sjitterij.

In tsjûge hearde woansdeitejûn fjouwer knallen. De plysje begûn in grut ûndersyk en sette de strjitte ôf. By it ûndersyk is ek in plysjehûn ynset. Der binne trije hulzen fûn. Foar safier bekend binne der gjin minsken ferwûne rekke. Der is noch neat bekend oer de oanlieding fan de sjitpartij.

Foto: CAMJO media / Robert Jan Boonstra
Trefwurden: 
Ljouwert sjitynsidint
(advertinsje)
(advertinsje)