Kollum: Nashville-ferklearring

10 jan 2019 - 07:32

"Orlando Bottenbley en Kees Postma binne twa foargongers út Fryslân dy't harren hantekening ûnder de Nashville-ferklearring setten hawwe. Se binne yn it selskip fan sa'n twahûndert kollega's, en ek fan Kees van der Staaij, fraksjelieder fan 'e SGP yn 'e Twadde Keamer. Syn kollega út de Eerste Kamer, Diederik van Dijk, hat ek syn hantekening setten. It is noch ûnwis of de SGP yn Fryslân meidocht oan 'e steateferkiezingen op 20 maart. Mar fan my meie se der bliuwe. Want de steateleden kieze de Earste Keamerleden, en dat is ûnder oare dus dy SGP'er Diederik van Dijk.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

'Mar Botte' - sa kinsto no tinke - 'die Nashville-ferklearring is dochs mar in bespotlike prutstekst, ha it dêr mar net oer.' Wis, hast in hiel goed punt, en ik ha myn mûle der ek oer hâlden, de hiele ferline wike. Want doe wie dat ferhaal nammentlik al bekend. Mar doe sei de Nederlânske inisjatyfnimmer, Piet de Vries, ek ferbûn oan de Vrije Universiteit, yn it AD: 'Toen de nazi-ideologie zich opdrong, zwegen de kerken. Nu dringt de genderideologie zich op en zwijgen de kerken weer te vaak'. En dan feroaret myn bloed yn sûpe.

Sjoch, it is echt in gedrocht fan in tekst, dy't suterich fertaald is. Mei wat retoaryske trúkjes, sa as de repetysje fan de wurden 'WIJ BEVESTIGEN' en 'WIJ ONTKENNEN', sadat it noch wat liket. Skerp is de tekst al op it mêd fan de wurdkar yn juridyske sin. Want der stiet einliks neat yn dat rjochtstreeks yn striid is mei de wet. It is foaral mei in soad omslach fan wurden dat eat sûnde is, of dat de Heere in oare bedoeling hat en of eat ûnrein is.

Der wurdt bygelyks steld dat homo of transgender wêze in kar is. Dat soarte fan efterlike gedachten slacht húshâldingen útinoar en soarget foar in protte leed en psychyske skea. De geast fan dit dokumint is giftich. Giftiger as de apel dy't Eva hofkesong út Eden. En nee, it is gjin nijs, mar altyd as soks wer earne stiet, dan docht it my sear.

Ik bin homo. Ik bin akademikus, en ha it leauwen fan my ôf smiten. Mar dat betsjut net dat de wurden my net mear reitsje. Om't ik al in jonge west ha, yn in grifformearde Fryske tsjerke. En ik moat tinke oan de jonges en famkes, en oan harren dy't dêr gjin kar yn meitsje, fan no, dy't net wis binne fan wat se oan moatte mei harre gefoelens dy't net gelyk binne oan wat dizze mannen sa miene te witten. En dy't dan it duvelske gif fan de Nashville-ferklearring ûnder eagen krije.

Sûnde, ûnrein, net neffens de bedoelingen fan it opperwêzen, en alle feroardielingen fan ús meiminsken - hoe gean je dan tinken oer josels as jonge feint, faam en wat dêr tusken sit. En, oh nee, se binne net silich. Se hoege net rêden te wurden. Se binne sterk as elkenien, salang as de 'mannenbroeders' harren net geastlik mishannelje.

Wêr bemuoie mannen as Bottenbley en Postma, en Van der Staaij, en straks mooglik yn Fryske opdracht, Van Dijk, harren yn fredesnamme mei? 'Heb uw naasten lief', oh ja, ik ha wier net fergetten wat Jezus sein hat! Net: 'heb gelijkgestemden lief, desnoods ten koste van anderen, in een poging om in de hemel te komen'. En dêrmei in fijannige wrâld te meitsjen foar elkenien dy't al fragen doart te stellen, in wrâld wêryn't it ivich de kwestje is of de neiste dy't leafhat of dy't 'ûntkent'. Of slimmer.

Wa tinke de Nashville-mannen, oh ja, wer ris allegearre mannen, yn fredesnamme wol net hielendal dat se binne, om harren te bemuoien mei gefoelens fan leafde yn in dokumint dat bol stiet fan de suvere haat. Haat foar homo's, transgenders, en foar minsken dy't net yn it fakje man of frou passe. It is gjin' rocket science' dat sommigen gewoan net man as frou binne, dat sommige net hetero binne, it is biology, natuer, witsto wol, dat wat jim god saneamd makke hat. Dat dizze mannen dit net yn harren domme harsens ferwurkje kinne, en libje mei Midsiuwske dogma's, seit foaral in soad oer har. Bottenbley, Postma, en die hiele SGP, fertsjinje gjin inkelde steun fan woltinkende minsken.

We hoege gjin giftige, oardieljende, ferklearring oer de saneamde Bibelske seksualiteit dy't wy mei-inoar befêstigje moatte. We hoege allinnich mar nijsgjirrigens en leafde. Dát, moatte 'wij bevestigen'."

(advertinsje)