Jelle Bouma mei twadde hynst nei keuring yn fyftich jier

10 jan 2019 - 07:00

Ald-melkfeehâlder Jelle Bouma fan Nijlân is syn libben lang al dwaande mei hynders en de fokkerij. Yn goed fyftich jier slagge er der mei Maeije 440 ien kear yn om in hynst yn it stamboek te krijen. No, op syn 78e, komt sneon syn twadde goedkarde stamboekhynst yn 'e ring op 'e hynstekeuring yn Ljouwert: Wardy 509.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Bouma is mear as tefreden mei de resultaten dy't er yn de ôfrûne fyftich jier berikt hat. Ferskate lytsere en sels grutte fokkers slagje der in libben lang net yn om in hynst goedkard te krijen. En dan is twa in hiel moai oantal, fynt Bouma. Oer it geheim fan syn sukses is hy hiel beskieden: gelok en in bytsje gefoel. En in húshâlding dy't him altyd stipe hat.

Gerrit de Boer yn petear mei Jelle Bouma

Tradysjegetrou is Omrop Fryslân live by Faderpaard. Op sneon 12 jannewaris is de hynstekeuring fan 8.30 ôf te sjen op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. It kommentaar wurdt jûn troch presintator Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra. Foar 'bûtenlânske' sjoggers is de útstjoering op ynternet te folgjen mei Nederlânsk, Ingelsk of Dútsk kommentaar. Mear Frysk hynder fynst op Omropfryslan.nl/faderpaard.

(Advertinsje)
(Advertinsje)