Undernimmers benaud foar leechstân troch nije Cambuurstadion

Ljouwert wurdt mei de bou fan it nije Cambuurstadion fol set mei ekstra winkelromte, wylst der eins gjin ferlet fan is. Dat boadskip hie Marc Majolée fan Koninklijke Inretail woansdei foar de gemeenteriedsleden. Neffens him is der hielendal gjin ferlet fan de ekstra kante meters. De fraach rint just werom.
© Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV
Majolée wie woansdei ien fan de seis ynsprekkers by de gemeenteried. Hy spruts út namme fan tal fan ûndernimmers út de binnenstêd. Dy binne benaud foar leechstân. Majolée krige byfal fan Gert Jan Faber, eigener fan in winkel yn it sintrum en sprekkend út namme fan feriening De Binnenstad. Faber ropt de gemeente op om net ôf te wiken fan de plannen sa't dy fêstlein binne. Dy hâlde yn dat der in sterke binnenstêd bliuwe moat en dat it WTC-gebiet gjin konkurrint wurde moat fan it sintrum.
Neffens Majolée wurdt it net maklik om genôch ûndernimmers te finen: "Je ziet het al bij winkelcentrum De Centrale. Daar gaan ze ook uitbreiden, maar hebben ze best veel moeite om twaalfduizend vierkante meter vol te krijgen. Bij Cambuur spreek je over veel meer vierkante meters. In een provincie waar de markt kleiner wordt."

Eangst by hoareka-ûndernimmers Ruterskertier

Ek by hoareka-ûndernimmers oan it Ruterskertier yn de stêd is eangst. Ton Eijer fan kafee Scooters is benaud dat de komst fan in bioskoop by it Cambuurstadion derfoar soarget dat de plannen foar in Pathé-bioskoop yn it sintrum net trochgeane. Dat soe in foarse tsjinslach wêze foar de hoareka-ûndernimmers dêr.
Neffens wethâlder Friso Douwstra wurdt op it stuit de lêste hân lein oan de plannen foar de bou fan Pathé. De ûndernimmers hoege dan ek net benaud te wêzen dat it bedriuw ôfsjocht fan in bioskoop oan it Ruterskertier.

Oare doelgroep

Wethâlder Friso Douwstra is net benaud foar leechstân. Neffens Douwstra steane ûndernimmers te springen om te tekenjen foar winkel of bedriuwsromte yn it WTC-gebiet. It gebiet hat in folslein oare doelgroep as bygelyks winkelgebiet De Centrale. Douwstra: "Dêr sitte winkels as de Media Markt. By it Cambuurstadion komt sport mei in bioskoop en in restaurant."
Douwstra kin him dan ek net fine yn de krityk fan Marc Majolée: "Nee, perfoarst net. Wy wolle just foar Ljouwert en Fryslân de boel fersterkje. We ha it goed en wolle dat it goed bliuwt."
Der binne risiko's, dat witte we.
Wethâlder Friso Douwstra
Dochs kin er net foarkomme dat winkels út de binnenstêd rjochting it nije Cambuurstadion lûke: "Dat kinne je net stjoere. It giet dan om konkurrinsje. As in winkel beslút dan fuort te gean út it sintrum is dat spitich, mar net eat dat wy sa keare kinne. Der binne risiko's, dat witte we."

Sjen nei âlde ôfspraken

Hayo Galema, binnenstêdsmanager, hopet ek dat de ried goed sjocht nei wat der yn it ferline ôfpraat is. "It is dúdlik dat Cambuur in nij stadion ha moat, mar it ek in feit dat je dat net finansierje moatte mei ekstra konkurrinsje foar de binnenstêd. Unike retail is al goed fansels, dat is prima."