Flyers rinne bekerfinale mis nei 'thúsferlies' tsjin Nijmegen

09 jan 2019 - 22:50

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha yn de Ljouwerter Alvestêdehal de beslissende tredde healefinalewedstriid yn de beker mei 3-1 ferlern fan de Nijmegen Devils. Dêrtroch binne de Flyers útskeakele en pleatst Nijmegen him foar de finale.

Flyers rinne bekerfinale mis: goals en reaksjes

Flyersspiler Marco Postma oer it bekerferlies tsjin Nijmegen Devils

Om't de Flyers de earste wedstriid wûn hiene, mar de twadde nei sudden death ferlern, moast in tredde wedstriid de beslissing bringe. De Flyers moasten dêrfoar wol wer útwike nei Ljouwert, fanwegen de problemen mei de eigen hal op Thialf.

Yn de Alvestêdehal kaam Nijmegen healwei de earste perioade op foarsprong troch in goal fan Levi Houkes, dy't in skot fan rjochting feroare. Betiid yn de twadde perioade kamen de Flyers op gelikense hichte. Ronald Wurm hie krekt in grutte kâns mist, mar skeat no wol raak.

5 tsjin 3

Letter yn dy twadde perioade krige Nijmegen in dûbelde powerplay. Dêr profitearren se fan, al makken de Flyers noch wol protest, om't doelman Sjoerd Idzenga hindere waard. De treffer fan Ross John Reed waard lykwols goedkard en dus wie it 1-2.

Yn de lêste perioade hiene de Flyers ferskate kearen powerplay, mar skoare slagge net. Dat die Nijmegen wol wer. Reed skoarde op 'e nij en bepaalde de einstân op 1-3.

Tony Demelinne nei 'thúsferlies' tsjin Nijmegen

(Advertinsje)
(Advertinsje)