Plysje Ljouwert ûndersiket sjitynsidint

09 jan 2019 - 22:33

De plysje yn Ljouwert undersiket in sjitynsidint yn de Vuurdoornstrjitte yn de stêd. In tsjûge hearde woansdeitejûn fjouwer knallen. De plysje in begûn in grut ûndersyk en sette de strjitte ôf.

Foto: CAMJO media / Robert Jan Boonstra

By it ûndersyk is ek in plysjehûn ynset. Der binne trije hulzen fûn. Foar safier bekend binne der gjin minsken ferwûne rekke. De plysje soe twa fertochten oanhâlden ha, mar wol der noch neat oer sizze.

(advertinsje)