Rykswettersteat en Waadakademy ûndersykje effekten fan plestikfersmoarging

09 jan 2019 - 22:05

Rykswettersteat en de Waadakademy begjinne in ûndersyk nei de effekten fan de plestikfersmoarging op de Waadsee, as gefolch fan de kontenerramp mei de MSC Zoe. Dêrby giet it om de effekten op de middellange en lange termyn. Troch it oerboard slaan fan de konteners binne op de strannen, de Waadplaten en kwelders ûnder oare lytse plestikdieltsjes oanspield. Ut it ûndersyk moat bliken dwaan wat de effekten dêrfan binne op de fauna.

Waadsee - Foto: Remco de Vries

Dêrnjonken moat it ûndersyk oantoane watfoar maatregelen nommen wurde moatte om de wearden fan de Waadsee as UNESCO-wrâlderfgoed te behâlden en te ûntwikkeljen.

De lytse plestikdieltsjes, dêr't it ûndersyk him op rjochtet, kinne net effektyf opromme wurde. Se binne te lyts. De kâns bestiet dat fûgels en oare bisten de dieltsjes opite.

Te lyts

It grutste part fan de lading út de konteners bestiet út produkten dy't mei de hân oprûme wurde kinne. Mar in diel fan de lading bestiet út pypskom en saneamde HDPE-kerrels, in grûnstof foar de plestikyndustry. Dat brekt stadichoan yn lytsere stikken en dy komme yn it ekosysteem telâne.

De effekten fan dy lytse stikjes plestik binne diels noch net bekend en ek net direkt te sjen, mar op de middellange termyn mooglik wol.

Oansjen foar iten

Ut ûndersyk en fjildwurk hat al bliken dien dat fûgels, lykas de stoarmfûgel, plestikdieltsjes oansjen kinne foar iten. Dat stiet ek yn in rapport oer de ynternasjonale Waadsee fan Denemarken, Dútslân en Nederlân.

De Waadakademy en Rykswettersteat sykje yn de opset en útfiering fan it ûndersyk oansluting by de Trilaterale Onderzoek Agenda. Ek sykje se gearwurking mei de Coalitie Wadden Natuurlijk en partijen lykas it sintrum foar fûgelûndersyk Sovon en it ynstitút foar see-ûndersyk NIOZ. De Ryksuniversiteit Grins docht ek al ûndersyk, mar dan benammen nei hoe't it plestik ferspraat wurdt op Skiermûntseach.

Rykswettersteat begjint mei it nimmen fan de earste fjildmeunsters op de eilânstrannen, Waadplaten en de kwelders. Dat wurdt de basis foar it ûndersyk.

Gerard Jansen - Ekologysk adviseur Rykswettersteat

(Advertinsje)
(Advertinsje)