Kolleezje De Fryske Marren presintearret plannen mei magazine

09 jan 2019 - 21:16

Gemeente De Fryske Marren wol har ynwenners tenei mei in magazine fertelle oer de plannen fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Dizze wike wurdt 'Mei-inoar der foar', sa't it magazine hjit, foar it earst hûs-oan-hûs ferspraat.

Dit stiet op de foarside fan it magazine - Foto: De Fryske Marren

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders is yn De Fryske Marren wer kompleet, nei ferskate wikselingen. Sa namen Janny Schouwerwou (fanwege har sûnens) en Johannes van der Pal ("de rek is út it elastyk") koartlyn ôfskie. Sy binne opfolge troch Luciënne Boelsma en Durk Stoker.

It nije kolleezje hat it alternative programma makke. Yn it magazine stiet wat it kolleezje de kommende jierren berikke wol. Dêrnjonken stean der ynterviews mei de boargemaster en de wethâlders yn.

Twa kear it jier sil it kolleezje de ynwenners op de hichte bringe fan hoe't alle plannen derfoar stean. Mids 2019 komt de earste tuskenstân.

Trefwurden: 
De Fryske Marren magazine
(Advertinsje)
(Advertinsje)