Ald-boargemaster De Hoop pleitet foar advys oan kontenerskippers: U zit in de verkeerde route

09 jan 2019 - 21:11

As boargemaster fan It Amelân makke Albert de Hoop him jierrenlang sterk foar mear en strangere kontrôles op kontenerskippen dy't boppe de Waadeilannen farre. In lange lobby om grutte rampen safolle mooglik foar te kommen. De nasjonale en ynternasjonale polityk harke dernei, mar die net in soad.

Ald-boargemaster De Hoop yn Fryslân Hjoed

Déja-vu

It spitich dat dit bard is mei de MSC Zoe, mar it wie foar my gjin ferrassing, fertelt De Hoop. Hy hie in soart déja-vu. It bart alle jierren, mar dan op lytsere skaal. Wat no bard is, is fuortdaliks it kwotum foar twa jier. Gemiddeld geane yn it jier yn it hiele Deensk-Dútsk-Nederlânske Waadgebiet 150 konteners oerboard.

It feit dat kontener better sekere wurde moatte, is ek al tsien jier bekend, seit De Hoop. "Ik heb de rapporten hier voor me liggen. Daar heeft zelfs de minister een rapport over laten maken." Dat konteners in stjoerder hawwe moatte, wurdt ek al jierren oppere, oant yn Brussel oan ta. Mar dêr bist der net mei, want as de konteners yn see lizze, hast it probleem fan de fersmoarging.

Begelieding op drokste farrûte fan de wrâld

De Hoop: "Dit is in kwestie van lange adem. Ik ben er zelfs voor Londen en Brussel geweest." De skaal fan dit probleem is tige grut. Dit kinne jo net inkeld yn Nederlân oplosse. Dit is in wrâldprobleem. Wy kinne wol yn Nederlân de regels dy't ynternasjonaal opsteld binne, neilibje en kontrolearje. Miskien wol better as it west hat. It is ek mooglik om begeleiding in te stellen op de farrûte benoarden de Waadeilannen. Dit is de drokste skipfeartrûte yn de wrâld. En it wurdt mar drokker en drokker.

Rop om goed draaiboek

Wat koördinaasje oanbelanget, wie it yn it begjin efkes sykjen, sa is De Hoop syn yndruk. Der is in ôfspraak mei it Ryk dat by mear 5 kúb fersmoarging op de strannen Rykswettersteat yn aksje komt. Dus it Ryk is dan ferantwurdlik foar it oprêden. Dit wie folle mear as 5 kúb en it kaam op allegearre plakken tagelyk oan lân. Der wiene in soad minsken by belutsen. It feit dat boargemasters oproppen dien hawwe foar help, fan frijwilligers oant it leger ta is hiel goed. Mar de oare kear is it better om dêr in goed draaiboek foar te hawwen.

In earder rapport hat opsmiten dat dêrnei de konteners woegen wurde foardat se oan dek set wurde. Foarhinne barde it wolris dat in swiere kontener op in lichtenien set waard en dat de hiele boel yninoar drukt waard.

"U zit in de verkeerde route"

De ferkearsbegelieding is ek in wichtich ding, seit De Hoop. Bûten de territoriale wetters kinst gjin ferplichtingen oplizze oan kapiteins. Mar wol advizen jaan. It liket derop dat de MSC Zoe de ferkearde koers keazen hat. Te ticht op de eilannen. "Bij het begeleidingsadvies had de Kustwacht bij het ingaan van deze route bij Den Helder al tegen de kapitein kunnen zeggen: U zit in de verkeerde route. Wilt u daar even uit gaan?"

Hoeke-izers kinne brekke

De konteners wurde no op alle hoeken fêstset oan de kontener dêrûnder mei in hoeke-izer fan jitizer. Dy hoeke-izers wurde in kwartslach draaid en sa sitte de konteners oaninoar fêst. Mar dy jitizeren ferbiningen kinne brekke as der te folle krêft op set wurdt.

"Als zo'n twist lock breekt en er staan zeven containers op, dan gaan er zeven containers over de muur. Dat zou hier ook gebeurd kunnen zijn." Miskien binne sokke hoeke-izers net mear fan dizze tiid en moat der wat oars, sterkers komme.

"As frachtauto lading ferliest, fine we dat ek net normaal"

It moat net mear normaal wurde dat in kontenerskip lading ferliest. "Als vrachtauto's op de autoweg lading verliezen vinden we dat ook niet normaal. Maar 150 containers in dit internationale gebied en tienduizend containers wereldwijd per jaar vinden we wel normaal. Dat moet niet, dat kan niet en het is ook heel slecht voor het milieu."

Hope op Europa

It is in yngewikkeld probleem, want der farre tûzenen skippen dy't allegearre ferboud wurde moatte of der moatte nije skippen komme. Mar, wy hawwe soks earder dien yn Europa. Europa hat earder yn de tankerfeart, nei in pear grutte oaljerampen, ienriedich besletten dat de havens gjin inkeldwandige tankers talitte woene. Allinnich mar dûbelwandige tankers. Sa kin Europa ek ôfspraken meitsje oer de kontenerfeart, seit De Hoop. "En als Europa dat doet, komt de rest van de wereld mee."

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)