Sven Kramer fielt him kânshawwer op EK allround yn Collalbo

09 jan 2019 - 20:59

Sven Kramer fielt him ien fan de kânshawwers by it EK allround, dat freed op de bûtenbaan fan Collalbo úteinset. "Ik tink dat ik noch hieltyd de kapasiteiten ha om te winnen", sei de njoggenfâldich kampioen. "As ik alles derúthelje kin, as ik fit bin. It giet hieltyd better. Ik ryd soepeler as earder dit seizoen. Dy line wol ik hjir trochlûke."

Sven Kramer yn Collalbo yn 2007, doe't er syn earste EK-titel allround wûn - Foto: ANP

De 32-jierrige Kramer hat troch problemen mei de rêch in drege earste seizoenshelte hân. Hy sjocht dat de konkurrinsje tanommen is. "Ik tink dat de hiele top fiif hjir oan de start ferskynt mei de titel as doel. De kâns datst ferliest, is dus grutter as datst winst. Gelokkich ha ik yn it ferline hiel faal de goede kant fan de medalje sjoen. Dat kin in kear oars wêze, mar ik wol der in moai wykein fan meitsje."

Yn Collalbo pakte Kramer yn 2007 syn earste Europeeske allroundtitel. "Dit fielt in bytsje as in thúsbaan. Ek omdat we hjir fansels faak komme foar in trainingskamp."

(Advertinsje)
(Advertinsje)