Bouplan yn De Broek mooglik net terjochte goedkard troch gemeente

09 jan 2019 - 19:26

De gemeente De Fryske Marren hat mooglik in bouplan yn De Broek goedkard dat yn striid is mei de Verordening Romte Fryslân. Dat die woansdei bliken op in rjochtsaak yn Den Haag. De gemeenteried karde earder in bestimmingsplan goed foar de bou fan in nije wenning en skuorren fan yn totaal goed 700 kante meter. De provinsjale feroardering stiet lykwols gjin nijbou fan mear as 300 kante meter ta yn it bûtengebiet.

It gebou fan de Raad van State yn Den Haag - Foto: Wikipedia, Creative commons

De oerbuorlju fan it plak dêr't de nijbou komme moat, sjogge dat net sitten en ha berop oantekene by Ried fan Steat. Net de bou fan de wenning en in skuorre is it probleem, mar wol dat der ek in skuorre fan 200 kante meter yn de greide komt.

As it beswier fan de buorlju ûntfanklik is, dan komt der in sitting. Yn dat gefal moat de gemeente mei in skriftlike tastimming fan de provinsje komme. Kinne se dat net, dan soe it nijbouplan fan tafel gean.

(advertinsje)
(advertinsje)