Kraanskip begjint tongersdei mei berging konteners, as earste by Eemshaven

09 jan 2019 - 18:27

Rykswettersteat begjint tongersdei by de Eemshaven mei it út de fargeul heljen fan de earste konteners dy't yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris fan de MSC Zoe fallen binne. De konteners dêr soargje foar de measte oerlêst. Dêrnei is it lichtsjen fan de konteners yn de fargeul boppe de Waadeilannen oan bar.

Foto: Andre Bos

Rykswettersteat hat woansdei in kontrôleflecht by de kust del útfierd om te sjen wat der allegearre oanspield is troch de stoarm. Dat falt ta, want der is hast gjin nij guod by kaam, fertelt Edwin de Feijter fan Rykswettersteat.

Tongersdei begjinne se mei romjen by de Eems. Der wurde bannen om elke kontener lein en dan tilt in kraan op in skip it gefaarte út it wetter. De hiele oprêdaksje kin koarter of langer duorje. Dat hinget fan it waar, it sicht en de hichte fan de weagen ôf.

"Maar misschien is het een tijdje rustig en kan er hard doorgewerkt worden. Uiteindelijk is het de bedoeling dat 100 procent van de containers en de rommel eruit gaat", beslút De Feijter.

Edwin de Feijter, Rykswettersteat

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

Trefwurden: 
MSC Zoe kontenerramp
(Advertinsje)
(Advertinsje)