1,22 miljoen kilo kontenerôffal ophelle, flink part nei de REC

09 jan 2019 - 17:45

Skjinmakploegen hawwe yn de ôfrûne wike 1,22 miljoen kilo ôffal sammele út de konteners dy't in wike lyn fan it frachtskip MSC Zoe fallen binne. It guod lei op de strannen fan Skylge, Flylân, It Amelân en Skiermûntseach, yn de Noardsee, de Waadsee en op it fêstelân fan Fryslân en Grinslân. De Switserske reder MSC, de eigener fan it skip, hat it oer in "skjinmakaksje sûnder wjergea".

Foto: Anton Kappers

Yn de konteners sieten ûnder oare flatscreentelefyzjes, kessens, boartersguod, matrassen, fleecetekkens, kúpstuoltsjes, lampepitten en auto-ûnderdielen. Dêrnjonken ferfierde it skip skealike stoffen, lykas organyske perokside yn poeierfoarm.

Plestik dieltsjes

Op de strannen lizze no benammen lytse plestikdieltsjes. Krekt dy binne gefaarlik, omdat dieren se opite kinne. De dieltsjes moatte mei de hân opromme wurde. It kin net mei masinen. Dêrom stjoerde Steatsboskbehear woansdei 22 boskwachters en twa auto's út Fryslân en fan Teksel nei Skylge ta. Sy sille tongersdei helpe mei it opromjen.

De Fryske kust is foar in grut part wer skjin. Mar al dat opromme ôffal fan de kontenerramp moat fansels wol earne hinne. It giet nei de ôffaloven REC yn Harns, dêr't it ferbrând wurdt. Yn totaal giet it om sa'n 700 ton. Dat binne santich frachtweinen fol.

Waadôffal goed mingd

Safolle wurdt der ek op in gewoane dei ferbrând yn de REC. It Waadôffal komt der no dus ekstra by. It giet om wiet ôffal mei in soad sân dertusken. Dêrtroch brânt it dreech. It Waadôffal moat dêrom goed mingd wurde mei gewoan ôffal, foardat it de oven yn giet.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)