Ljouwert wol himsels mear ferkeapje

08 nov 2011 - 21:03
Gemeente Ljouwert

Ljouwert moat himsels better ferkeapje, dat fine boargemaster en wethâlders. Dy wolle de kommende jierren mear enerzjy stekke yn de promoasje fan de stêd. Dêrby wurdt ynset op twa rjochtings, Ljouwert as wetterhaadstêd fan Europa en Ljouwert as bêste binnenstêd fan Nederlân. Dat lêste soe yn 2015 wêze moatte, as it wurk oan de binnenstêd klear is.

Wat de wettertechnology betreft wol Ljouwert dat der mear bedriuwen dy't dêr mei te krijen hawwe nei de stêd komme en ek dat der mear útfinings op dat gebiet dien wurde. De gemeenterie moat noch wol akkoart gean mei it plan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)