Gjin neier psychiatrysk ûndersyk nei fertochte deaslach Heech

09 jan 2019 - 17:34

De behanneling fan de rjochtsaak tsjin de 53-jierrige Jouster, dy't derfan fertochte wurdt dat er de accountant Hans Boschma út Heech (56) om it libben brocht hat, bliuwt op tongersdei 7 febrewaris stean. Advokate Eva Bakx fan de fertochte hie frege om neier psychiatrysk ûndersyk fan har pasjint. By de pro forma-behanneling fan de saak, dizze woansdei, wiisde de rjochtbank dat fersyk lykwols ôf.

Foto: CAMJO media

De Jouster fertochte seit dat er in traumatyske ûnderfining hân hat doe't er jong wie. Dêrom soe er triggere wurde doe't er oanfallen waard troch it slachtoffer. De offisier fan justysje fûn it 'hiel bysûnder', omdat de Jouster al troch in psychiater en in psycholooch ûndersocht west hat. Doe hat er it neat oer dy traumatyske ûnderfining út syn jeugd hân.

Needwaarsituaasje

De offisier fan justysje fûn dat in oanfoljend ûndersyk neat opsmite soe en dêr wie de rjochtbank it mei iens. Op in eardere pro forma-sitting sei de Jouster fertochte dat er út selsferdigening hannele. Neffens de rjochtbank moat earst beoardiele wurde oft der sprake is fan in needwaarsituaasje. Mochten de fertochte en syn advokate dat oannimlik meitsje kinne, dan kin de rjochtbank altyd noch in oanfoljend ûndersyk dwaan litte.

Hans Boschma waard op 6 febrewaris 2018 om it libben brocht yn syn wenning yn Heech. Twa moanne letter waarden de Jouster en in 28-jierrige Ljouwerter oppakt. De Ljouwerter is wer frij, mar hy bliuwt neffens it Iepenbier Ministearje wol fertochte. Boschma behearde de neilittenskip fan de ferstoarne heit fan de Ljouwerter. Syn heit en de Jouster wiene neven.

Trefwurden: 
justysje Heech Hans Boschma
(Advertinsje)
(Advertinsje)