UPDATE: Fêstrûne Koegelwieck by Skylge wer flot lutsen

Op de Waadsee besuden Skylge is woansdeitemiddei de boat de Koegelwieck fêstrûn oan de grûn. De boat wie ûnderweis nei Harns. Der binne 82 passazjiers oan board en seis bemanningsleden, meldt Scannernet. De rêdingsboat de Arie Visser en oare helpboaten binne by de fêstrûne snelboat. Der is gjinien ferwûne rekke.
Koegelwieck
"Wy binne sa goed as los", fertelt Sikke Visser dy't oan board fan de fêstrûne boat sit. "Op it momint dat de boat De Friesland ús passearre en njonken ús lei, kamen wy op in sânbank telâne."
© Esther Scheffer
De rêdingboaten en de oare bergingsskippen hawwe twa kear besocht de Koegelwieck flot te lûken, mar dat slagge net, seit Visser. Om sawat healwei seizen slagge it wol en koe de boat wer fierder farre. It wie hast leech wetter doe't it skip fêstrûn.
© Omrop Fryslân, Janette van der Ploeg
De Koegelwieck rûn fêst doe't it leech wetter wie. Paul Melles, direkteur fan rederij Doeksen: "Het lijkt erop dat het schip bij het passeren van de MS Friesland, in de krappe bocht van de Slenk, strak stuurboordswal heeft gehouden en dat het schip net iets buiten de boeienlijn is geraakt."
De Koegelwieck hat gjin skea oerhâlden oan it ynsidint. Rederij Doeksen sil fierder ûndersyk dwaan nei wat der krekt bard is. Melles slút ek net út dat de stoarm feroaringen yn it farwetter slein hat. It ûndersyk sil útwize oft der maatregels nommen wurde moatte.
Direkteur Paul Melles fan rederij Doeksen oer it ynsidint