In Iepen Hert ôflevering 3: ferpleechkundige as eagen fan de arts

09 jan 2019 - 17:00

"As ferpleechkundige bin ik in soarte fan regisseur foar de soarch fan in pasjint. Wat de pasjint oan soarch nedich hat, wat it ek is, regelje ik", fertelt Eelkje Strikwerda. Se is ferpleechkundige fan Klaas van der Meer dy't yn oktober in nije hertklep krigen hat yn it MCL. Yn de rige 'In Iepen Hert' folget Omrop Fryslân Eelkje, Klaas en ek sjirurch John Bol Raap. Dit om't it hertsintrum, dat ûnderdiel is fan it MCL, heart by de bêste hertsintra fan Nederlân. Genôch reden om ris te sjen wat der efter de doarren fan de OK ôfspilet.

Eelkje is 23 jier âld en wennet yn Ljouwert. Yn july ferline jier is Eelkje ôfstudearre, mar dat se dit wurk dwaan woe dat wist se al sûnt de basisskoalle. "Fan it begjin ôf oan hat it hert letterlik myn hert krigen. It is sa'n wichtich orgaan dy't yn ferbining stiet mei it hiele lichem. Dat fyn ik sa bysûnder oan dit berop." Dêrneist fynt Eelkje it ferhaal efter de persoan ek ien fan de wichtichste dingen yn har wurk.

"It wurk fyn ik sa tankber. Minsken meitsje harren soargen oer de operaasje dy't komt en it is moai om dêr in rol yn te spyljen." As ferpleechkundige hat Eelkje in wichtige rol foar de pasjint. Sy is dejinge wêrmei't de pasjint in soad kontakt hat en miskien noch wol it wichtichste: Eelkje hâldt de sûnens fan de pasjint yn de gaten.

"Ik bin eins de eagen fan de arts. Ik fyn in pasjint dêrom ek nea ferfelend. Der is altyd wol in reden foar as sy harren net goed fiele." En dan is it Eelkje hat taak om der efter te kommen wat dy reden is.

(advertinsje)
(advertinsje)