Reinbôgeflagge by provinsjehûs as reaksje op Nashville-ferklearring

Op it provinsjehûs yn Ljouwert wapperet sûnt fjouwer oere woansdeitemiddei de reinbôgeflagge. It giet om in inisjatyf fan de PvdA, D66, GrienLinks, SP, Partij voor de Dieren en ûnôfhinklik Steatelid Sietze Schukking. Dizze fraksjes binne ek de inisjatyfnimmers fan de petysje 'Fryslân Regenboogprovincie'. Op it stuit is Fryslân de iennige provinsje yn hiel Nederlân dy't noch gjin reinbôgeprovinsje is.
Reinbôgeflagge v2
De Steateleden hysje de flagge yn oanwêzigens fan ûnder oare in ôffeardiging fan COC Fryslân en Tûmba. De politike partijen kundigje ek in inisjatyffoarstel oan foar strukturele stipe foar Fryske maatskiplike organisaasjes dy't harren ynsette foar in gelikense behanneling en de oanpak fan diskriminaasje.

Tsjinlûd

De ôfrûne dagen makken neffens de partijen dúdlik dat der noch in protte wurk te dwaan is op it mêd fan lykweardigens en akseptaasje. "De ferklearring fan Nashville, dy't him útsprekt tsjin homo's en transgenders, en it feit dat dy ferklearring troch Nederlanners en Friezen is ûndertekene, bewiist dat." De aksje foar it provinsjehûs is bedoeld as in krêftich tsjinlûd.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
"We akseptearje dizze foarm fan diskriminaasje nea", sizze de fraksjefoarsitters. "We steane foar in mienskip wêryn't minsken hâlde meie fan wa't se wolle en binne wat se wêze wolle."

Lêste reinbôgeprovinsje

Fryslân is de iennige provinsje yn Nederlân dy't gjin saneamd reinbôgebelied hat. Dêrom komme deselde partijen mei in inisjatyffoarstel om as lêste provinsje in reinbôgeprovinsje te wurden. Dan wurde organisaasjes lykas COC Fryslân en Tûmba, dy't diskriminaasje tsjingean, struktureel ûnderstipe.
Provinsjale Steaten hawwe ferskate kearen praat oer it reinbôgebelied. Yn 2016 wie in mearderheid yn Provinsjale Steaten tsjin in moasje om Fryslân in reinbôgeprovinsje te meitsjen.
Drok by flaggesintrale Dokkum

Run op reinbôgeflaggen

Nei de Nashville-ferklearring binne de reinbôgeflaggen by de Dokkumer Vlaggen Centrale net oan te slepen. Se binne dêr troch de folsleine foarried hinne.
In protte Nederlânske tsjerken, gemeenten en partikulieren bestelle de flaggen. Benammen de grutste flaggen, fan twa by trije meter, wurde faak besteld. Yn Dokkum wurkje se no hurd om wer oan de fraach foldwaan te kinnen.