Brânbrief boargemasters eilannen: kontenerramp gelykstelle oan oaljeramp

09 jan 2019 - 16:18

Kalamiteiten mei konteners lykas no moatte kwa oanpak gelyksteld wurde oan in oaljeramp. Dat stiet yn in brânbrief fan de boargemasters fan de Fryske Waadeilannen dy't woansdei nei Den Haag stjoerd is.

Foto: Kustwacht Nederland

Der moat ek mear tafersjoch komme op it beladen fan kontenerskippen en op it fêstsjorren fan de konteners. De boargemasters wolle fierders dat der tafersjoch komt op de rûte fan kontenerskippen en dat der in GPS-tracker op komt om se lokalisearje te kinnen as se oerboard slaan. Ek needsaaklik is dat der chips op komme mei wat de ynhâld is fan de kontener.

Minister Van Nieuwenhuizen giet tongersdei op wurkbesite nei Skylge nei oanlieding fan de kontenerramp op de Noardsee mei it skip de MSC Zoe. Boargemaster Wassink sil har dan persoanlik it brief oerlangje.

De foarstelde maatregels binne fuortendaliks te realisearjen, neffens de boargemasters. De boargemasters meitsje harren al langere tiid soargen oer it kontenerferfier. Benammen oer it gemak wêrmei't konteners oerboard slaan kinne en de gefolgen foar de natuer.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

Trefwurden: 
kontener kontenerramp
(advertinsje)