Dance-evenemint Garden of Dance yn Snitswike ferhuzet

De 'Garden of Dance' is takom Snitswike net mear yn de Stedhûstún, mar mooglik op it Feemerkterrein. De gemeente Súdwest-Fryslân wol in diel fan dat terrein beskikber meitsje foar it dance-evenemint.
De Snitswike begjint altyd mei de tradisjonele floatskou by de Wetterpoarte © Omrop Fryslân
De ôfrûne jierren wie de Stedhûstún yn Snits ynrjochte as feestterrein. Mar omdat it gemeentehûs no nij- en herboud wurdt, is dy tún net mear beskikber. Omdat de 'Garden of Dance' wol in sukses wie, wol de organisaasje it evenemint no op in oar sintraal plak hâlde. "We ha de mooglikheden besjoen en binne sa útkommen op it Feemerkterrein", seit boargemaster Jannewietske de Vries.

Earst in plan

Oft de 'Garden of Dance' dêr yndied holden wurdt, is lykwols noch net hielendal wis. De organisaasje fan it evenemint moat earst in plan meitsje, mei dêryn hoe't it terrein dan ynrjochte en ôfskerme wurdt, wêr't de lûdsynstallaasje komt en wêr't de yn- en útgongen binne.

Ynformaasjegearkomste

Nei't it plan klear is, komt der in ynformaasjegearkomste foar omwenners fan it Feemerkterrein. Sy kinne dan sizze wat se derfan fine. "Dêrnei beslute wy pas oer al of net in fergunning", seit De Vries.
"As gemeente hawwe wy oerlis mei de Vereniging Ondernemend Sneek, de hoareka en de plysje oer hoe't wy de Snitswike feilich, noflik en duorsum hâlde kinne, foar elkenien", seit de boargemaster. "Net allinnich yn 2019, ek yn 'e jierren hjirnei. Dêr litte wy ús troch liede by it al of net ôfjaan fan in fergunning."