Nij programma Wat Seist? oer Frysk praten bûten de provinsjegrinzen

Yn it nije telfyzjeprogramma Wat Seist? moatte studinten harren rêde yn it Frysk bûten de provinsjegrinzen. Janna en Linda, dy't in stúdzje kommunikaasje dogge oan NHL Stenden moatte ferskillende opdrachten dwaan en meie inkeld it Frysk brûke.
© Omrop Fryslân
Sa moatte se boadskippen dwaan yn Assen, iten bestelle yn Zwolle, se moatte telefoannûmers sammelje yn Grins en se wurde dropt. As ynspiraasje brûkten se programma's op telefyzje en Youtube, lykas Jachtseizoen, Foute Vrienden en Streetlab.
Dyjingen dy't begripe wat se bedoele, krije in stikker mei de tekst Frysk Proof. No woansdei is de earste ôflevering fan Wat Seist? om 17.46 oere.