Wim Stroetinga oer Niki Terpstra: "Hij heeft me geflikt"

09 jan 2019 - 15:02

Hy is frustrearre en fynt dat er naaid is. Baanhurdfytser Wim Stroetinga waard tiisdei tredde by de Zesdaagse van Rotterdam. Yn Ahoy einige Stroetinga mei Yoeri Havik efter de winners Niki Terpstra en de Frânsman Thomas Boudat. Benammen Terpstra is neffens Stroetinga de skuldige.

Stroetinga en Havik gongen as twadde de lêste dei yn. De Denen Hester en Hansen stiene earste en Terpstra en Boudat tredde. Dochs gong dat lêste koppel der mei de oerwinning fan troch. "Als zij beter waren, dan heb ik er wel vrede mee, maar als zij hulp krijgen van drie of vier andere koppels, dan vind ik het geen eerlijke strijd meer. Dan houdt het gewoon op."

"Bin flikt"

Stroetinga fynt dat hy, sa't se dat yn hurdfytstermen sizze, flikt is. "Ja eigenlijk wel. Maar ik voelde het aankomen. In de puntenkoers zat Yoeri (Havik, red.) even te dromen en kregen we zo een rondje. Tja, toen wist ik: al zijn vriendjes gaan hem helpen en dat gaat ons de kop kosten."

Stroetinga doelt dan op Terpstra syn ploechgenoaten en kollega's út Noard-Hollân. "Noord-Holland's best hè. Het is Terpstra tegen Stroetinga. Het is een slag maken tegen ons. Als je zo wilt winnen, als je zo'n groot coureur bent, dat hoort niet."

Neffens Stroetinga wiene sy it bêste koppel by dizze wedstriid. By it yngean fan de lêste dei stiene se twadde, efter it Deenske koppel Hansen en Hester. "Die waren de laatste twee dagen minder. De beste heeft niet gewonnen vandaag."

Neffens Stroetinga is dit net in normale gong fan saken. "Natuurlijk gebeuren er wel eens dingen onderweg. Maar dit niet. Ik kan er niks meer aan doen, maar ik kon er op wachten. Ligthart zit ook bij hem in de ploeg en had wel verwacht dat die achter ons aan zou rijden. Het is heel jammer voor ons, maar we moeten het er mee doen."

Foto: Orange Pictures

Nei de race hat Stroetinga Terpstra noch wol koart sprutsen. "Ik heb wel gezegd wat ik er van vind. Dan krijg je wel een antwoord van sorry, maar daar koop ik natuurlijk niks voor. Je hoeft van mij geen sorry te zeggen. In principe zit hij helemaal niet fout, maar sorry daar heb ik niks aan. Zeg gewoon: ik heb gewonnen, zo en zo."

Gjin pils

Terpstra en Stroetinga binne net elkoars maten. Op de fraach oft se aanst noch in pilske mei elkoar drinken, antwurdet Stroetinga: "Nee, maar dat doe ik sowieso niet met hem".

Einútslach Zesdaagse van Rotterdam:

  1. Terpstra en Boudat
  2. Hansen en Hester
  3. Havik en Stroetinga
  4. Pzczolarski en Ghys
  5. Van Schip en Steels
  6. Torres en Mora
  7. Beuekeboom en Van Zijl
  8. Ligthart en De Pauw
  9. Heesters en Boussaer
  10. Sinkeldam en Pieters
  11. Zijlaard en Stöpler

Stroetinga wûn yn 2012 de Zesdaagse van Rotterdam. Yn 2018 wie hy de bêste yn Berlyn en Londen. Dit jier rydt hy de Zesdaagse van Bremen, Berlyn en Kopenhagen. Mooglik docht hy ek mei oan de wrâldkampioenskippen yn Poalen. Stroetinga makket kâns om mei te dwaan oan de ûnderdielen Scratch en Koppelkoers.

(advertinsje)