Swiere botsing by Himmelum, beknypt persoan út auto helle
Op de Sudergoawei tusken Koudum en Balk binne woansdeitemiddei by Himmelum twa auto's op inoar botst. Ien fan de ynsittenden rekke beknypt en moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. De traumahelikopter waard wol oproppen, mar koe ôfsein wurde. Ferkear kin lêst hawwe fan it ôfhanneljen fan de gefolgen fan it ûngelok.