Mensonides nimt ynstallaasjebedriuw Feenstra yn Skettens oer

09 jan 2019 - 14:19

Ynstallaasjebedriuw Feenstra yn Skettens giet oer yn oare hannen. It bedriuw wurdt oernaam troch Mensonides yn Harns. Ien fan de oandielhâlders, Tjeerd Osinga, giet mei oer en komt yn tsjinst by Mensonides.

Foto: Google Streetview

It famyljebedriuw Feenstra Skettens bestiet al mear as 70 jier. De lieding wie al langer op syk nei in oernamekandidaat, om de takomst feilich te stellen. Foar Mensonides is it in moaie gelegenheid om te groeien.

De konsekwinsje fan de oername is wol dat de fêstiging yn Skettens ticht giet. Alle wurksumheden wurde tenei dien út Harns wei. De meiwurkers geane wol mei oer. Der wurkje nei de oername mear as 40 minsken by Mensonides.

(advertinsje)
(advertinsje)