Ferskate Fryske froulju nominearre foar Vrouw in de Media Award

09 jan 2019 - 13:48

De nominearren foar de Vrouw in de Media Award Fryslân 2018 binne bekend. De award is in inisjatyf fan mediaplatfoarm VIDM en sprekkersburo ZijSpreekt. De froulju binne keazen op foardracht fan sjoernalisten, dy't aktyf binne yn de regionale media en op foardracht fan it publyk.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Under oaren sylster Marit Bouwmeester, boargemaster Jannewietske de Vries en haadredakteur fan it Friesch Dagblad Ria Kraa binne nominearre. De folsleine list fan kânshawwers is hjir te finen. De organisatoaren fan de awards wolle froulju oanmoedigje om sichtber te wêzen yn de media en redaksjes oantrúnje om froulju faker sichtber te meitsjen.

Der kin stimd wurde oant 31 jannewaris en de winner wurdt 8 febrewaris bekend makke. Foarich jier waard de priis yn Fryslân wûn troch Geesje Duursma fan Burgum.

(advertinsje)
(advertinsje)