Underwiisfakbûn oer staking: "Wij vinden dat het niet meer anders kan"

09 jan 2019 - 13:38

"Wij denken dat dit het beste moment is om duidelijk te maken dat extra geld voor onderwijs heel erg belangrijk is." Dat seit Henrik de Moel fan Aob-ôfdieling Noard, it ûnderwiisfakbûn. Op 15 maart oansteande giet it ûnderwiis wer plat. Fan de basisskoallen oant en mei de universiteiten wurdt der dan staakt. De fakbûnen binne lilk dat it leararetekoart hieltyd grutter wurdt, wylst der yn Den Haag mar gjin maatregels naam wurde om dat te kearen.

De bûnen easkje fjouwer miljard euro foar ferbetteringen. De leanen moatte omheech en de wurkdruk moat minder heech wurde, bygelyks troch lytsere groepen en minder lesoeren. Yn it basis- en middelber ûnderwiis binne grutte problemen by de ferfanging fan sike leararen, yn it heger ûnderwiis is it dreech om nije leararen te krijen.

"Wij denken dat dit het beste moment is om duidelijk te maken dat extra geld voor onderwijs heel erg belangrijk is", fertelt De Moel. It ûnderwiis hat al ekstra jild krigen, mar dat is neffens de fakbûnsman net genôch. "De problemen zijn met dat geld echt nog niet opgelost. Het percentage wat wij aan onderwijs uitgeven daalt al jaren."

Krimp

Foar Noard-Nederlân komt der ek noch de krimp by. Troch dy krimp doare skoalbestjoeren leararen gjin fêst kontrakt te jaan. Fan de tsien leararen dy't ôfstudearre binne, hâldt de helte der binnen in pear jier mei op.

Henrik de Moel fan Aob-ôfdieling Noard fertelt oer de staking

Trefwurden: 
ûnderwiis staking
(advertinsje)
(advertinsje)