'Super charming' Waadeilannen wurde oanret troch New York Times

09 jan 2019 - 12:41

Nei in soad min nijs rûnom de Waadeilannen is der ek wer in ljochtpuntsje foar it gebiet. De Fryske Waadeilannen en de Waadsee hawwe fan The New York Times nammentlik in plakje krigen yn de list '52 places to go in 2019'. Dy bestiet út plakken dy't minsken yn 2019 sjoen hawwe moatte. It Amerikaanske deiblêd hat hast fjouwer miljoen abonnees.

Net ferrûge dúnen op de Noordsvaarder. - Foto: Remco de Vries

The New York Times socht foar de list nei in mjuks fan bekende én minder bekende bestimmings. De sjoernalist fan it deiblêd koe it gebiet bot wurdearje en neamde it 'in seldsum rêstich en ûntspand stikje wyld Europa'. De Fryske Waadeilannen neamde er super charming and uber-green. Ek it Lauwersmar en de Dútske en Deenske eilannen falle ûnder dat 30ste plak.

Foarich jier stie Fryslân ek al op it tredde plak fan 'Best in Europe' fan Lonely Planet. Ek National Geographic fûn Fryslân yn 2018 in 20st plak wurdich.

(Advertinsje)
(Advertinsje)