F-16's traine boppe Flylân en smite mei echte bommen

De Keninklike Loftmacht sil fan 21 jannewaris oant en mei 25 jannewaris traine mei F-16's boppe de Vliehors Range op Flylân. Dêrby sille se oefenje mei bommen mei in eksplosive lading. De flechten sille moarns en middeis plakfine, mei útsûndering fan freedtemiddei.
De Vliehors © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De Vliehors Range leit op it meast westlike diel fan Flylân en bestrykt in gebiet fan ûngefear 17 fjouwerkante kilometer. Op it terrein binne ferskate doelen opsteld foar fleantugen: bomdoelen, sjitdoelen en raketdoelen. It gebiet sil dan ôfsletten wêze foar publyk.