Minister Van Nieuwenhuizen bringt tongersdei besite oan Skylge

09 jan 2019 - 10:55

Minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat bringt tongersdei in wurkbesite oan Harns en Skylge. Dat lit Rykswettersteat witte. Se docht dit yn it ramt fan de konteners dy't foarige wike fan it skip MSC Zoe fallen binne.

Foto: ANP

De minister soe ôfrûne snein al delkomme op Skiermûntseach, mar doe moast se ôfsizze omdat se siik wie.

Ynspeksje

Woansdeitemoarn is der troch Rykswettersteat in ynspeksje útfierd boppe de Waadsee. De Kustwacht die in kontrôleflecht boppe de Noardsee. De útkomsten wurde yn de rin fan dy dei bekend makke. Rykswettersteat sil woansdei mooglik ek noch in aksje op tou sette om konteners út see te heljen.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)