Muzykfestival Oerrock yn rekôrtiid útferkocht

09 jan 2019 - 09:46

De kaarten foar muzykfestival Oerrock yn Oerterp fleagen de doar út. Binnen in oere wiene alle 8.250 kaarten foar it grutste festival fan Noard-Nederlân ferkocht, in rekôrtiid.

Muzykfestival Oerrock yn rekôrtiid útferkocht

It festival wurdt dit jier hâlden fan tongersdei 30 maaie oant en mei sneon 1 juny. De grutte akts binne Golden Earring en Guus Meeuwis. Dêrneist sille ûnder oaren ek Miss Montreal, Kraantje Pappie en Roel van Velzen optrede.

Minsken dy't krekt achter it net fiske hawwe, hoege net te treurjen. Op 23 maart is der noch kâns om kaarten te keapjen. De freeds, 31 maaie, sil gewoan fergees bliuwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)