Hynst Jasper 366 is ûnferwoastber: "Hij is een geboren entertainer"

Hynstekenners kenne him allegearre. Jasper 366. De ferneamdste hynst út Fryslân en grif populêrste. Syn stambeam is hast sûnder ein. En as hy de ring ynkomt, by de hynstekeuring yn Ljouwert, bart der wat bysûnders mei it publyk en hâlde guon minsken it net drûch.
Jasper is mei syn 24 jier eins al mei pensjoen. Mar ien kear yn it jier wurdt hy dochs noch klearstoomd foar de keuring. Omdat de eigeners, de famylje Wijma, it sa moai fine. Mar miskien ek wol omdat Jasper der sels noch sa'n nocht oan hat.

"Hij laat je nooit in de steek"

Harry Middelaar is al jierren de trainer fan Jasper. It earste jier moast er de hynst noch wat kennen leare, mar no giet it al stikken better. "De opvolgende jaren ging het alleen maar makkelijker. Ik leerde Jasper snel kennen", fertelt Middelaar.
Hy hat in bysûndere bân mei it bist. "Qua karakter is het onvoorstelbaar dat een paard altijd voor je gaat. Hij laat je nooit in de steek. Voor mij is het de 8ste keer dat we naar Leeuwarden gaan samen."
Ferslachjouwer Gerrit de Boer gie by Jasper 366 del
Jasper is al wat âlder en moat dus rêstich oan dwaan. "Een ander paard zou je intensiever trainen. Maar dat kan ik hem op deze leeftijd niet meer aandoen. Als hij iedere dag z'n beweging heeft, voelt Jasper zich het beste en blijft hij lekker fit."
Middelaar wit wat it geheim fan Jasper is. Hy hat fan natuere in hiel moaie beweging en kin syn achterste fuotten hiel djip en maklik ûnder it liif bringe. Dat hy noch sa soepel is, komt omdat hy noch alle dagen beweging krijt. "Als Jasper in de arena staat, reageert 'ie enorm en trekt 'ie gelijk z'n spieren aan. Hij is een geboren entertainer."
Tradysjegetrou is Omrop Fryslân live by Faderpaard. Op sneon 12 jannewaris is de hynstekeuring fan 8.30 ôf te sjen op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. It kommentaar wurdt jûn troch presintator Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra. Foar 'bûtenlânske' sjoggers is de útstjoering op ynternet te folgjen mei Nederlânsk, Ingelsk of Dútsk kommentaar. Mear Frysk hynder fynst op Omropfryslan.nl/faderpaard.