Kollum: "Ramp"

09 jan 2019 - 08:08

"Ofrûne freedtemiddei sei Arno Brok op de nijjiersresepsje fan de provinsje dat provinsjale bestjoerders kontakt ha moatte mei de mienskip. Spitich, de mienskip hearde it net, dy stie rotsoai op de eilannestrannen op te rêden. Brok gie de oare moarns sels ek. Nei Skier. In nije mienskip stie yn in lange rige foar de boat. Sy diene dêr wat, Brok seach inkeld efkes. Dan tink ik, bliuw thús en lit dy minsken en militêren dêr wurkje. En sjoch op de tillefyzje grutsk nei dyn mienskip.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Neffens de FNP bestie dy mienskip fan freed allegear út FNP'ers. Us mienskip. It CDA die it noch grouwéliger: Sander de Rouwe rôp elke CDA'er op om sneons nei Wierum te kommen. Dêr massaal de dyk op te gean mei pûden. Dan koe der ek noch moai in foto makke wurde. Se hiene allegear griene jaskes oan, stiene om Sander en Harry van der Molen hinne. Joechei op in smoarge dyk. In begrutlike foto.

Sawiesa koene je ferbjustere wêze oer it CDA. Harry van der Molen twittere dat hy kontakt hie mei Sander de Rouwe. Wêroer? Wist Sander noch neat? Of soe Sander allinnich dy konteners oprêde. Harry skreau ek noch dat it CDA der boppe op siet. Wêr boppe op?

No, kollega Keamerlid Maurits von Martels fan it CDA stelde freed al fragen oan de minister. Hoe koe it dat dy konteners yn see bedarre wiene? Ja, hoe sil dy minister no soks witte, it minsk lei siik op bêd. Siet it CDA dêr ek boppe-op? Fraach twa: de minister moast al efkes regelje dat de boel skjinmakke waard. Ja, dat wit dy minister ek wol. Noch slimmer: hoe wurdt de skea ôfhannele? Dat moast de minister dus witte, wylst dy rommel noch oeral oanspielde. Us strannen binne smoarch, mar it ferkiezingsgedoch fan it CDA ek.

Okee, it wie in ramp. Mar dy hiene we al hiel lang foarsein. We moatte it Waad wapenje tsjin dit soart dingen. In skerm fan dampeallen om de Waadeilannen hinne, dan bliuwt dy rommel teminsten hingjen. Ofsa. Ik wit it dus ek net. Mar sa trochgean kin ek net. Oer in jier as fiif waait it wer in kear hurd en is der wer in skipper te hastich om út de ferkearde fargeul te kommen.

Fryslân, okee in part fan Fryslân, okee inkeld Sander de Rouwe, hie ynienen in mispleatst regiogefoel. Sa fan, Den Haag komt hjir net iens hinne. Sander wie yn de sniewinter fan 1979 achttjin jier âld, dus hy hie al witte kinnen dat we by rampen ússels wol rêde. Hagenezen en oaren moatte ús net yn it paad rinne.

De mienskip sjoude dus troch, en rêde de troep op. Dat kin net samar yn dit formalistyske lân. Soks moat koördinearre wurde. Je soenen je dealaitsje, sels dy liedingjaanden woene dat ien de lieding naam. Van Klaveren rôp hea en Ineke van Gent strie. Guon boargemasters rôpen dat we net komme moasten, mar dat diene we al en we krigen ús pûdsje ek noch moai fol.

Dat fûn de feiligenstsjinst geweldich, mar om dy earme boargemasters te helpen, ha se úteinlik dochs mar Ferd Crone de lieding jûn. Dat hie ek net hoegd, want yntusken hat in stoarm derfoar soarge dat der gjin sân mear is, dat hoege je dan net mear skjin te meitsjen.

Likegoed moat der omraak gearkommen wurde, want we moatte nei dit akkefytsje fansels in rampeplan ha. Sadat alle boartersguodbearkes oprêden wurde as wie 't oalje. Sterker, we moatte earst ek noch mei oalje oan de slach, want lykas wy ek al jierren foarsein hiene, dondere de âlde boartoer by It Amelân om.

It sil 25 jier duorje foardat sa'n rampeplan ree is. Want der binne mear oerheden en Waadorganisaasjes as dat der minsken op Skier wenje. Hoewol, we moatte al efkes goed útsjen. It binne wat oare tiden. De kontenermaatskippij hat sein dat se it oprêden betelje wol. Ja, dan hie de mienskip der net iens hinne hoegd. Dan hiene we daliks grutte bedriuwen ynhiere kinnen foar dat oprêden.

De mienskip kin dat ommers ek net. Dy sjouwe mei klapstuoltsjes. Lit dy stean. Dan kinne we dêr fan't simmer moai op sitte at we op it strân binne."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)