Twa lege pûden perokside oantroffen op Borkum

09 jan 2019 - 06:46

Op it Dútske eilân Borkum binne tiisdei twa lege pûden giftige perokside oantroffen. Dy waarden fûn by in koördinearre skjinmakaksje, troch bewenners fan it eilân, studinten, de brânwacht en oare ynstânsjes. By dy aksje is sa'n 74m3 oan guod ynsammele. Dat meldt de Dútske kustwacht.

Foto: Gemeente It Amelân

Earder waarden der al twa folle pûden perokside oantroffen op it strân fan Skiermûntseach. Perokside is in gefaarlike stof, dy't tige brânber is en moat net troch minsken oanrekke wurde.

Norderney

Op Norderney, in eastliker Dútsk eilân, binne tiisdei foar it earst ek ladingsresten oanspield. Fanwege de stoarm waard it Dútske kustgebiet tiisdei fierder net kontrolearre. In plysjehelikopter hat moarns noch wol in kontrôleflecht útfierd. Dêrby is neat oantroffen.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)