MSC Zoe hat noch mear konteners ferlern yn de Noardsee

09 jan 2019 - 06:11

Der binne mear konteners fan it skip MSC Zoe fallen as earder tocht waard. Ut in ynspeksje fan it skip yn Bremerhaven docht no bliken dat it om 291 konteners giet. Dat binne der njoggen mear as dêr't earder fan útgien waard. Der sitte gjin gefaarlike stoffen yn.

Foto: Havariekommando

Dat seit Rykswettersteat. Ut in ynspeksje fan it Waad mei in helikopter docht bliken dat de gefolgen fan de stoarm fan tiisdei op de konteners dy't yn de Noard- en Waadsee lizze, ta lykje te fallen. Woansdei wurdt yn gearwurking mei in oannimmer en 30 frijwilligers fan Rykswettersteat en Steatsboskbehear it beskerme natuergebiet de Rottums yn de Waadsee skjinmakke.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)