Brânwacht en Staatsbosbeheer ynspektearje woansdei it strân fan Skylge

De brânwacht en Staatsbosbeheer op Skylge besykje woansdeitemoarn in dúdlik byld te krijen fan wat der der sûnt de hurde wyn fan moandei en tiisdei allegearre oanspield is op it eilân. Dat byld is der no noch net, sa makket boskwachter Remi Hougee dúdlik.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Tiisdei bleau der troch de hurde wyn safolle wetter op it strân stean, dat der net goed sjoen wurde koe wat der oanspield wie. Woansdeitemoarn sil de Skylger brânwacht it westlik part fan it strân skouwe en Staatsbosbeheer it eastlik part. Pas by deiljocht kinne der dan definitive konklúzjes lutsen wurde oer hoe't it eilân it minne waar, mei in soad konteners foar de kust, trochkaam is.
It is net ûngebrûklik dat pas nei it earste hege wetter nei in stoarm noch fan alles op it strân bedarret. En as der noch in soad troep oanspielt, hat Staatsbosbeheer minsken achter de hân as der dan net genôch help op it eilân sels is. Ek tiisdei wiene der noch minsken dy't mei wynkrêft acht smoargens fan it strân oan it heljen wiene.
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.