Wethâlder past plannen WMO oan nei swiere krityk

08 jan 2019 - 23:12

De Ljouwerter wethâlder Herwil van Gelder past syn plannen foar de feroaring fan de soarch yn Ljouwert, it saneamde sosjaal domein, oan. Hy komt dêrmei temjitte oan swiere krityk út de gemeenteried, soarchoanbieders en belange-organisaasjes. Op in partijgearkomste moandei sei de PAL GrienLinks wethâlder al dat hy spyt hat fan syn 'starre' opstelling yn it debat yn desimber.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Yn in brief oan de gemeenteried skiruwt Van Gelder dat hy fierder gearwurkje wol mei de soarchoanbieders dy't al aktyf binne yn Ljouwert. Ein desimber makken dy bekend hurd te wurkjen oan in plan foar de soarch yn Ljouwert. Van Gelder wol dêr yn oparbeidzjen mei de gemeenteried no yn fierder.

Dúdlik is al, sa seit Van Gelder, dat de besunigings stean bliuwe: "We moeten bezuinigen, of we nu willen of niet. Aan die taakstelling zal voldaan moeten worden. De aanbieders hebben al aangegeven dat ze daar in mee willen denken. We moeten samen zoeken naar oplossingen." It nimmen fan mear tiid hat al finansjele konsekwinsjes. Hoefolle it ekstra kostet is noch net dúdlik.

Krityk

Van Gelder kaam yn it debat yn de gemeenteried fan 19 desimber swier ûnder fjoer te lizzen. Hy krige it ferwyt net te lústerjen nei de winsk fan de ried. Hy sei dêr ta dat hy oan de slach soe mei de krityk, mar dat like net fan herte te gean. It is dan ek de fraach oft dizze brief de krityske riedsleden yn Ljouwert oertsjûgje kin.

"Vertrouwen herstel je niet zomaar met een brief"

PvdA-foaroanfrou Lutz Jacobi kin noch net reagearje. Se hat de brief noch net lêzen. Opposysjepartijen ha noch in soad fragen. Marcel Visser fan de VVD: "Het is onduidelijk wat het betekent voor het huidige plan. Uit de brief blijkt niet expliciet dat het huidige plan ingetrokken wordt. Er is veel gebeurd die 19de december, ook in het vertrouwen in de wethouder. Dat herstel je niet zomaar met een brief."

Carlijn Niesink fan de ChristenUnie is positiver: "Het is een eerste stap in de goede richting. Er moet wel gewerkt worden aan het herstel van de banden met de marktaanbieders. Ik ben blij dat de wethouder niet doorgaat op de koers zoals hij die ingezet had. Dat zou funest zijn geweest voor de mensen die de zorg hard nodig hebben. Maar hiermee is het nog niet klaar. Er moeten meer stappen gezet worden."

Mear kommunikaasje

Neffens wethâlder Van Gelder hat it altyd de bedoeling west de ried goed te belûken by it meitsjen fan plannen foar de soarch yn Ljouwert. Dêr is allinnich ferline jier de klad yn kaam. Dêr hat Van Gelder no spyt fan: "Ik had aan moeten dringen op meer overleg. Dan weten de raadsleden welke kant het uit kan gaan en kunnen ze sturen. In de toekomst is meer communicatie geboden."

It âlde plan fan Van Gelder, it oprjochtsjen fan in grutte soarchalliânsje, is noch net definityf fan tafel. Mocht der yn de takomst dochs foar keazen wurde, dan kin dat pas yn 2021 opset wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)