Parkearjen, lûd en ljocht hâlde omwenners nije Cambuurstadion noch dwaande

08 jan 2019 - 23:02

Omwenners fan it WTC-gebiet en it nije Cambuurstadion hawwe benammen noch fragen oer it parkearjen, it lûd en it ljocht yn de omjouwing. Dat docht bliken op in ynformaasjejûn, dy't de gemeente Ljouwert tiisdei organisearre.

Njonken fertsjintwurdigers fan de gemeente fertelden ek Gerald van den Belt fan Cambuur en Frank Meijer út projektûntwikkeler Wyckerveste wei oer de plannen. De oanwêzigen koene dêrop harren fragen stelle. Dy giene dus benammen oer it parkearjen. Ynwenners fan omlizzende buerten sa as de Schrijversbuurt en de Vosseparkwijk hawwe tagelikertiid ek noed oer it lûd en it ljocht.

Der kamen sa'n 180 belangstellenden ôf op de ynfojûn - Foto: Omrop Fryslân

Der kamen sa'n 180 belangstellenden op de ynfojûn ôf. Der wiene ek in soad fertsjintwurdigers út de Ljouwerter gemeenteried. Woansdei en takom moandei prate de gemeenteriedsleden der yn de ried oer. Minsken kinne dan ek ynsprekke.

(advertinsje)
(advertinsje)