Hurdfytser Wim Stroetinga tredde yn Rotterdam

08 jan 2019 - 22:57

Wim Stroetinga is tredde wurden by de Zesdaagse van Rotterdam. Mei syn partner Yoeri Havik einige er efter it winnende koppel Niki Terpstra en Thomas Boudat út Frankryk. De Denen Lasse Norman Hansen en Marc Hester waarden twadde.

Yoeri Havik en Wim Stroetinga - Foto: Orange-pictures.nl

Yn in sa goed as fol Ahoy, foar 7000 taskôgers, begûnen Stroetinga en Havik op de lêste dei as twadde. Stroetinga sette noch wol de rapste ronde del by de koppeltiidrit, mar Terpstra en Boudat gongen Stroetinga en Havik al gau foarby en klommen sels nei it earste plak. By it lêste ûnderdiel, de koppelkoers, koene Stroetinga en Havik dit net mear herstelle.

Yn 2012 wûn Stroetinga de Zesdaagse van Rotterdam mei Peter Schep. Yn 2018 wie hy suksesfol mei oerwinningen yn Londen en Berlijn. De koppelkoers is yn 2020 wer in Olympysk nûmer yn Tokyo.

Trefwurden: 
hurdfytsen Wim Stroetinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)