NOM wurdt net privatisearre
De NOM, de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij, wurdt net privatisearre. De VVD yn de Twadde Keamer woe dat it kabinet syn oandielen yn de NOM ferkocht, mar in mearderheid fan de oare partijen is tsjin.
De partij fûn dat ek de oandielen fan oare regionale ûntwikkelingsmaatskippijen ferkocht wurde moasten. Provinsjes en private ûndernimmingen soene dy dan oernimme moatte.
Steatssiktaris Bleker fan ekonomyske saken liet earder al witte tsjin te wêzen.