It wie op in simmerjûn: it ferhaal efter eutanasy

08 jan 2019 - 22:33

Hoe wolst dyn libben libje? En miskien noch wichtiger: hoe wolsto stjerre? Dat is de problematyk dy't sintraal stiet yn de teäterfoarstelling 'It wie op in simmerjûn'. Yn it stik fan Pier21 spylje Jan Arendz en Joke Tjalsma in stel dat út it libben stappe wol. Tagelyk spylje se ek de dochter fan it stel en har man. De kar fan harren âlden hat ek in soad ympakt op harren libben. Beide akteurs sjogge in wike foar de premjêre op 16 jannewaris yn Snits foarút op it stik, want it tema leit ek ticht by harsels.

PETEAR FH It wie op in simmerjûn

"Se hie it wol hân"

Akteur Jan Arendz wit goed wat ien trochgiet op it momint dat ien eutanasy ha wol. "Myn mem is twa jier lyn op deselde wize út it libben stapt is. Se wie 92 jier âld en wenne al in hiel skoft yn in fersoargingstehûs. Myn heit wie al in skoft stoarn en dêrtroch hie se it gefoel dat se it wol hân hie." It wie earst wol efkes skrikke neffens Arendz, mar hy hie in soad respekt foar har kar. "Myn mem wie hielendal net sa emansipearre, mar hjir wie se hiel sterk yn."

Twa kear safolle eutanasy

Hieltyd mear minsken krije mei dizze problematyk te krijen, dêrom is it wichtich dat dit ferhaal fertelt wurdt, fynt Jan Arendz. Yn sân jier tiid is it tal minsken dat hjirfoar kiest ferdûbele: fan 3300 yn 2010 nei 6500 yn 2017. It grutste oantal minsken dat eutanasy wol, hat kanker. Mar ek sa'n fjouwer prosint wol eutanasy om't se in opsteapeling ha fan âlderdomskwalen, sa as de mem fan Arendz. Dit kinne bygelyks gehoarproblemen, artroaze of lykwichtsproblemen wêze.

Foto: Omrop Fryslân

Grut taboe

It tema leit ek tichteby aktrise Joke Tjalsma. "Ik fyn dat der in grut taboe leit op eutanasy, mar ik fyn just dat it gean moat, sa't it gean moat. Dêrom ha ik in eutanasyferklearring." Yn sa'n ferklearring kinne je op papier sette hokker medyske behannelingen wolst, bygelyks gjin reanimaasje by in hertstilstân of ast in ûndraachlik lijen hast datst dan eutanasy wolst. "Ik wol net folpompt wurde mei medikaasje oant ik flybjend ergens sit. Ik wol net yn dy faze komme."

It wie op in simmerjûn

Beide akteurs kinne harren eigen ûnderfining goed brûke foar de rollen dy't se ha yn it stik. Arendz: "Ik spylje Daniël, dy't neat leaver wol as tegearre mei syn frou Wimmy stjerre. Se ha in leeftiid berikt wêryn't se net mear dwaan kinne wat sy sa graach wolle: mei it draaioargel op 'en paad." It stel hat dêrom in kontrakt opsteld wêryn't stiet dat se mei syn twaen út it libben stappe, neidat it nûmer 'It wie op in simmerjûn' út it draaioargel komt. "Mar ik spylje ek Theo. De skoansoan fan Daniël, dy't it allegear mei syn frou Anneke fan in ôfstân meimakket."

"Sille wy no mar?"

Wat hiel wichtich is, sizze de akteurs, is humor by dit proses en de situaasje net al te swier meitsje. Arendz: "Myn mem kaam op in dei by my mei twa data. Se koe takom wike tiisdei de ôfspraak meitsje foar eutanasy of dy wike dêrnei. 'Litte wy it mar oer twa wike dwaan', sei se. Want dan hoegde ik gjin ôfspraken te fersetten. Wy ha der om lake. It is wol frjemd hoe'tst op sa'n wize hjir oer prate kinst, mar dan hast der wol mear frede mei."

Ek op de dei dat syn mem ynslept is, wie de sfear hielendal net tryst. "It wie sa'n moai gesicht. Myn mem mei de rollator troch de gong. Alle bern rûnen efter har oan. Se rôp nei ús: sille wy no mar?" Yn de foarstelling besiket Arendz itselde soart humor te brûken.

It stik 'It wie op in simmerjûn' giet 16 jannewaris yn premjêre yn Snits en is oant ein maart te sjen yn Fryslân. Wolle jo kâns meitsje op kaarten foar de try-out op 15 jannewaris en de premjêre op 16 jannewaris? Stjoer dan in mail nei fryslanhjoed@omropfryslan.nl en set derby wêrom't jo nei it stik ta wolle. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer wannear en wêr de foarstellingen binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)