Jan de Jonge wurdt trainer by De Treffers

Trainer Jan de Jonge, dy't earder by SC Hearrenfean wurke, sil oan de slag by amateurklup De Treffers. Fan 1 july ôf nimt hy dêr it stokje oer fan Anton Jansen.
Jan de Jonge yn syn SC Hearrenfean-dagen © Omrop Fryslân
De Jonge is op it stuit noch fjildtrainer by it Turkske Eskisehirspor. By Hearrenfean hat er ûnder haadcoaches Foppe de Haan en Gertjan Verbeek wurke. Fierder hat er einferantwurdlike west by FC Emmen, De Graafschap en Heracles.