FIDEO: Stoarm yn Fryslân: heechwetter, lossleine konteners en dykbewaking

In offisjele stoarm wie it net, mar de hurde wyn yn it Waadgebiet soarge tiisdei wol foar in soad problemen. Foaral yn kombinaasje mei de lossleine konteners fan it skip MSC Zoe wie de situaasje ekstra spannend. Op de Waadeilannen strûpten feardammen ûnder en sloegen stikken dún fuort. By Harns en Lauwerseach spielde guod oan en de Waadseedyk waard goed yn de gaten hâlden.
Live mei Remco
De ferwachting wie dat der wer in soad kontenerguod oanspiele soe, mar dat foel ta. Tiisdeitenacht is it wer heechwetter en der wurdt rekken mei hâlden dat der dan wer mear rotsoai op de strannen achterbliuwt.
Yn de Noardsee boppe Skylge waarden de earste twa konteners burgen. It wiene twa stikkene konteners sûnder lading. Se wiene lokalisearre mei help fan sonarbylden.
Op It Amelân spielde tiisdeitemoarn in diel fan de eardere NAM-lokaasje fuort troch it heechwetter. Dêrby is mooglik fersmoarge grûn de see yn spield. De NAM docht ûndersyk.
Flylân hie troch de stoarm en it hege wetter te krijen mei foarse dúnôfslach en op Skiermûntseach spielden matrassen oan.
© Herman Slagter

It Noarderleech

It Fryske Gea hat de situaasje op harren bûtendykse lannen yn Noard-Fryslân goed yn de gaten hâlden. It bart net hiel faak dat dy ûnderstrûpe. En fanwege de kontenerramp koe it samar wêze dat der in protte ôffal op it lân spielde. Op in inkelde jerrycan nei, foel it mei it ôffal út de konteners ta yn it Noarderleech. By Lauwerseach wie it byld hiel oars. Dêr leine de diken ûnder it plestik en rûn de haven ûnder.
Noarderleech Bauke

Hâlde de diken it?

In fraach foar Wetterskip Fryslân, al wie ek foar harren dat oare probleem folle wichtiger: wat spielt der allegear oan? Reden genôch om dykbewaking yn te stellen.
Foar Jan Wolters, ien fan de tweintich dykwachters, wie it in hiel drokke dei. Hy hâlde de boel by Harns goed yn 'e gaten. Dêr waard tiisdeitemoarn betiid de kearmuorre sletten fanwegen it springtij en de hege wetterstân. Pas letter sil dúdlik wurde hoefolle der oanspield is. Dykwachter Wolters en syn kollega's bliuwe der wach op.
Dykbewaking
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.