Swierferwûne by oanriding yn De Gordyk

08 jan 2019 - 18:16

In persoan is tiisdeitemiddei swierferwûne rekke nei in oanriding troch in auto op it Nijlân yn De Gordyk. Meardere plysje-auto's en in ambulance wienen oanwêzich om earste help te ferlienen. Neffens tsjûgen kaam it slachtoffer efter in bus wei en waard doe oanriden troch de auto.

Foto: Srfotografie

It slachtoffer is mei letsel oan de holle en oan it skouder oerbracht nei it UMCG yn Grins. De plysje hat de dyk in skoft ôfsletten foar it oare ferkear. De tadracht fan it ûngelok wurdt ûndersocht.

Trefwurden: 
De Gordyk oanriding
(advertinsje)