Konteners fan it Waad brekke iepen by it hysjen: tekkens falle yn it wetter

De losrekke konteners dy't tiisdeitemiddei nei Lauwerseach sleept waarden, binne iepenbrutsen by it út it wetter takeljen. De ynhâld fan de konteners is dêrby yn it wetter fan de haven bedarre. It liket derop dat it grutste part fan de lading út tekkens bestiet. De konteners, dy't oaninoar sieten, rekken earder op de middei los fan sânplaat It Rif en waarden troch de kalamiteiten-oannimmer nei Lauwerseach brocht. Krekt foar't de konteners op it drûge stienen, brutsen se dus iepen.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Rykswettersteat hat tiisdeitemiddei mei in helikopter kontrôles útfierd boppe it Waadseegebiet. "De ferwachting wie dat der in soad oanspiele soe, mar dat falt mei", sei wurdfierder Anne van der Meer.
De ferkearstsjinst fan de fjoertoer fan Skiermûntseach ûntduts dat de konteners fan de sânplaat losrekken. "Sy hawwe daliks kontakt opnaam mei ús kalamiteitetsjint yn Harns", fertelt Van der Meer. Underweis nei Lauwerseach rekke ek de sleepkabel al los, wêrtroch't ien fan de bemanningsleden op de konteners klimme moast om dizze op 'e nij te befêstigjen.
Oankomst konteners Lauwerseach
Rykswettersteat hat neffens Van der Meer in goed sicht op de situaasje yn it Waadgebiet. "Wy witte folle better hoe't de situaasje mei de konteners is op de Waadsee as op de Noardsee", seit Van der Meer. De situaasje falt ta neffens de wurdfierder. "Der binne no gjin losse konteners mear dy't in gefear foarmje kinne foar it ferkear op it wetter".
© CAMJO media, Jaring Rispens
Wurdfierder Anne van der Meer fan Rykswettersteat
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.