Oranje fuotbalfroulju mei trije Friezinnen nei trainingskamp yn Súd-Afrika

Bûnscoach Sarina Wiegman fan de Nederlânske fuotbalfroulju hat trije Friezinnen oproppen foar it trainingskamp yn Súd-Afrika. It giet om keepster Loes Geurts en middenfjilders Sisca Folkertsma en Sherida Spitse.
© Orangepictures.nl
Dat Geurts en Spitse opnaam binne yn de seleksje is net sa'n grutte ferrassing. Dat ek Folkertsma by de seleksje sit is wol opfallend. By de lêste kwalifikaasjewedstriden tsjin Switserlân waard de middenfjilder út Sleat wol oproppen troch Wiegman, mar dat wie doe fanwege in blessuere fan in ploechgenoat. Dêrfoar hie Folkertsma in skoft net by Oranje sitten. De fuotbalster fan Sleat fuotballet, nei aventoeren by PSV en Ajax, no by FC Twente.
Dit is it earste trainingskamp yn de tarieding op it wrâldkampioenskip fan takom simmer. Oranje spilet oer oardel wike in oefenynterlân tsjin Súd-Afrika.