In Iepen Hert ôflevering 2: "Ik wil weten wat voor persoon ik in mijn handen heb"

"Het mooie is dat je geoorloofd in een lijf mag snijden," fertelt sjirurch John Bol Raap fan it MCL. Hy is ien fan de sjirurgen fan it hertsintrum fan Ljouwert dat heart ta ien fan de bêste hertsintra fan it lân. Yn de rige 'In Iepen Hert' folget Omrop Fryslân him, pasjint Klaas van der Meer en ferpleechkundige Eelkje Strikwerda as Klaas in nije hertklep krijt. Tiisdei is Bol Raap sels oan it wurd.
In Iepen Hert ôflevering 2: Sjirurch John Bol Raap
John Bol Raap is al 20 jier kardiotorakaal sjirurch, de spesjalist foar de boarstkas. "Met deze specialiteit kom je ook heel snel te weten of er iets goed of niet goed gaat. Het is een vak met uitersten en dat vind ik geweldig."
Earst wurke hy yn Rotterdam en sûnt 1,5 jier fersterket hy it team sjirurgen yn Ljouwert. In team mei in hiele goeie ûnderlinge gearwurking, fynt er. "De hele keten moet goed zijn. Niet alleen de chirurg, maar ook de verpleging, intensive care, de anesthesie. Iedereen heeft zijn eigen rol in de operatie en dat werkt alleen als iedereen elkaar kan aanspreken op momenten dat het minder goed gaat."
Foar Bol Raap wie it in hiele persoanlike reden dat hy de medyske wrâld yn gong is. Nammentlik: syn heit.
Sjirurch John Bol Raap oer syn heit
Neist alle moaie mominten hat John ek mominten fan selsrefleksje. Hy fynt it hiel wichtich om in pasjint foar de operaasje te moetsjen. "Ik wil weten wat voor persoon ik in mijn handen heb." Hy moat der sels oertsjûge fan wêze dat de pasjint de operaasje oan kin.
Bol Raap hat alris hân dat er de mentale wjerstân fan in pasjint ferkeard ynskat hie. Dy persoan is doe stoarn en dêr baalt er fan. "Dat vind ik lastig, maar ik maak mezelf geen verwijt. Ik maak niet zomaar bepaalde keuzes. Wij denken er als team altijd over over na en we doen er alles aan om het in goede banen te laten leiden. Daar moet je dan ook vertrouwen in hebben. En je kan het jezelf alleen verwijten als je dat niet hebt gedaan."

In Iepen Hert

De rige In Iepen Hert is fan 7 oant en mei 10 jannewaris fan 17.00 oere ôf te sjen by Omrop Fryslân. Woansdei stiet de 23-jierrige ferpleechkundige Eelkje Strikwerda út Ljouwert sintraal. Se is ferpleechkundige fan Klaas van der Meer dy't yn oktober in nije hertklep krigen hat yn it MCL. De rige is ûntstien yn gearwurking mei Hartcentrum Friesland fan Medisch Centrum Leeuwarden.